Folle lok en seine yn 2024!

De Bûsboekjeredaksje is ûndertusken al warber mei edysje 2025…..  Dat wurdt in bysûndere útjefte, want it Bûsboekje bestiet dan 50 jier!  Ideeën oer hoe’t wy dat fiere kinne soene graach nei redaksje@busboekje.frl.  Tige tank!

 

 

Augustus en oktober omdraaid? Sterk ferhaal…

De Bûsboekjeredaksje hat ûntdutsen dat der in mannich misprintingen fan it Bûsboekje 2024 binne. Ferfelend en wy dogge ús bêst om dit rjocht te setten. Mochten jo al in Bûsboekje kocht hawwe: misprints binne te werkennen oan it folgjende:

  • De moanne augustus stiet der net yn. Ynstee dêrfan sit septimber of oktober op dat plak
  • De moanne oktober stiet der net yn. Ynstee dêrfan sit augustus op dat plak.

As jo in misprint hawwe, bring dy dan graach werom nei it ferkeappunt, dan krije jo dêr in nij Bûsboekje.

Fragen? Graach nei redaksje@busboekje.frl.

 

Stjerrende wier, heite!

It nije Fryske Bûsboekje (2024) is klear! It is tongersdei 20 july presintearre yn it Proeflokaal Grutte Pier Brouwerij yn Bartlehiem.

Dit jier is it tema: “sterke ferhalen. De redaksje kaam op it tema nei in gearkomst yn in passende omjouwing: in brún kafee. Dêr hearre je gauris in sterk ferhaal. Wier of net wier, dat is dan de fraach. Somtiden is it de wierheid! Op it omkaft sette wy in leagenbankje. Yn in protte Fryske plakken stiet sa’n bankje dêr de sterkste ferhalen omgean. Yn it Bûsboekje stiet yn ferbân dêrmei in priisfraach.

Nei it útbringen fan it Bûsboekje 2024 giet de Bûsboekjeredaksje in bysûnder jier temjitte: wy sille oan ‘e gong mei edysje 50. In heale iuw Bûsboekjes. Bêst wol in sterk ferhaal! Yn it nije Bûsboekje stiet in oprop oan ús brûkers om ferhalen oer it Bûsboekje mei ús te dielen. Dat kinne wy mooglik goed brûke foar ús jubileum.

Der binne wer 3.000 Bûsboekjes by ús ôflevere en it útsuteljen en ferkeap binne begûn.

De lokaasje foar ús presintaasje wie ek yn ferbân mei it tema: Grutte Pier is ek in hiel sterk ferhaal. Der is sels in film oer makke. Jan Arendz en Marijke Geertsma, mei har stiet in fraachpetear yn it nije Bûsboekje, kamen op de tekst oer “Sterke Staaltsjes’ en harren nije programma ‘Fêste Grûn”. Nanne Kalma en Ankie van der Meer, ferneamd fan Irolt, songen it liet oer Adam Hurdrider: ‘De Smid fan Earnewâld’. Ek in sterk ferhaal.

Op ‘e foto: Marijke Geertsma en Jan Arendz krije by Brouwerij Grutte Pier yn Bartlehiem it earste Bûsboekje 2024 oerlange troch redaksjelid Piter Andringa.

De Bûsboekjeredaksje

Minke Dooper, Sieta de Vries, Piter Andringa, Arjen Dijkstra, Klaas Johan Osinga

 

Maityd bringt nij libben

It is hjoed 11 maart, en fan ‘e moarn lei der noch snie…. Mar it liket der op dat de temperaturen sa njonkenlytsen wer rjochting dûbele sifers geane.

De redaksje fan it Bûsboekje hat ûndertusken net stil sitten: wy ha al in kearmannich gear west en binne drok dwaande mei it Bûsboekje 2024, edysje 49. Wy ha in tema en dat wurdt fierder utwurke. Ynkoarten mear nijs!

Folle lok en seine yn 2023!

De Bûsboekjeredaksje sil ynkoarten alwer oan ‘e gong mei it Bûsboekje 2024 :).  Suggestjes foar tema’s binne altyd wolkom! Stjoer mar nei redaksje@busboekje.frl.

It 48e Bûsboekje, edysje 2023: lân fan winsk en dreamen

De presintaasje fan it nije Bûsboekje wie op 1 augustus op Asgaard, it keunstnersdoarp op it Kealledykje oan ‘e râne fan Ljouwert. It tema fan it nije Bûsboekje is ‘lân fan winsk en dreamen’; Asgaard is sa’n stikje lân.

In protte minsken binne op syk nei harren dreamlân: emigranten, flechtlingen, reizgers. Op in tegel op it treinstasjon fan Ljouwert stiet it ek: ‘minsken wolle ornaris wêze hwêr’t se net binne’. It tema is de kapstôk dêr’t it Bûsboekje oan ophongen is: it wurdt yn it boekje fan ferskate kanten beljochte, djipgeand en ek luchtich, der is in gedicht by socht, in liet en fansels mear as fyftich sechjes, ien foar alle wiken fan it jier.

Op de foarside fan it Bûsboekje 2023 stiet it Frijheidsbyld sa’t it by New York stiet; foar lânferhuzers fan in iuw lyn wie dat it ikoan dêr’t alles gear kaam: de drang nei frijheid, de frijheid fan tinken, it kiezen foar in nije takomst. Binnenyn stiet nóch in foto fan in frijheidsbyld; dat fan Cherson yn Ukraïne. Dêr wurdt no fochten foar de dream fan in frij lân.

It Bûsboekje wurdt al 48 jier makke troch in frijwilligersredaksje. Alle jierren wurde der sa’n 3000 stiks fan ferkocht, yn winkels rûnom yn Fryslân en guon sels bûten Fryslân.

Piet en Anneke Herrema fan Sumar krigen juster in ‘Plombrief’ fan de Ried fan de Fryske Beweging foar harren jierrenlange krewearjen foar it Bûsboekje. Hja ha ûnder oaren 35 jier lang de Bûsboekjes ombrocht nei boekwinkels en kiosken yn en bûten Fryslân. Sjoch ek op: https://www.itnijs.frl/2022/08/plombrief-foar-busboekjepear/.

Ut de Ljouwerter Krante fan 3 augustus 2022:

It earste Bûsboekje 2023 waard op moandei 1 augustus 2022 utrikte oan gastfrou Marianne op Asgaard:

Foar mear ynformaasje, de Bûsboekjeredaksje:

Klaas Johan Osinga, 0682750083,  klaasjohan@yahoo.com,  redaksje@busboekje.frl ,  https://busboekje.frl/  en op Twitter: @Frysk_Busboekje

“Romte by de rûs yn it nije Bûsboekje”

Ut de kolumn ‘Dwers’ fan Pieter de Groot yn de Freed fan de Leeuwarder Courant op 27 augustus 2021. Wy hienen it sels net better sizze kind!

Bûsboekje 2022: diel de romte

It 47e Fryske Bûsboekje, edysje 2022, leit yn de winkels!

It earste eksimplaar gong nei Jantien de Boer, bekend fan har ferhalen oer ‘lânskips-pine’. De utrikking wie op it Frijlân, oan de Boksumerdyk op de râne fan stêd en plattelân. Passend by it tema ‘diel de romte’.  In ûnderwerp dat de redaksje keazen hat mei in knypeach nei de oardel meter (corona). Mar ek foar it Fryske plattelân dêr’t wy sunich op wêze moatte soene.

De redaksje dielt yn it nije Bûsboekje ferskate perspektiven op ‘romte’. Sa is der in bydrage oer it Frijlân, dêr in lytse mienskip de romte dielt. En oer it hâlden fan in petear mei immen dêr’tsto it folslein net mei iens bist. Wy sjogge nei it ferkear:  guon plakken yn Fryslân binne ‘shared space’, dêr’t auto’s, fytsers en kuierders de romte diele moatte. Dit is ek ûnderwerp fan in priisfraach.

Yn dit Bûsboekje twa gedichten dy’t passe by it tema: fan Tjits Peanstra (‘hûs fan stilte’) en Obe Postma (‘de stêd’). Bûsboekje 2022 jout omtinken oan Arcadia, in grut program mei poadiumkeunsten fan 7 maaie oant 14 augustus. Fierders stiet it Bûsboekje fansels wer fol mei siswizen, in puzel en adressen fan Fryske organisaasjes.

It Bûsboekje wurdt al 47 jier makke troch in frijwilligersredaksje. Alle jierren wurde der sa’n 3000 stiks fan ferkocht, yn winkels rûnom yn Fryslân. Bestellen kin ek fia dit webstek of troch in e-mail nei redaksje@busboekje.frl.

Jantien de Boer kriget it earste Bûsboekje 2022 oerlange, mei in offisjele oarkonde!

Irma Abelskamp fan it Frijlân liet de oanwêzigen yn de kunde komme mei it Frijlân, in ekologyske mienskip.

De sinne skynt wer – in moaie simmer tawinske!

De iere sinne by Wurdum. De frijheid lûkt us oan, nei in lange, swiere tiid fan beheiningen. Hooplik krijt elk in moaie simmer! En: it Bûsboekje edysje 2022 leit by de printer! Oant gau!

De Bûsboekjeredaksje

Spultsjedwaan yn dizze koroanatiden  

46e Fryske Bûsboekje: tiid foar spultsjes              

It nije Fryske Bûsboekje (2021) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “spultsjes. Fan’e maityd ha wy allegear faker thus sitten as dat noflik wie. Reden: koroana. Hoe’t it fierder komt mei it firus wit de Bûsboekjeredaksje ek net. Mar it like us goed ta en jou us Bûsboekjebrûkers de kâns op ferdivedaasje yn dizze frjemde tiden. Wat helpt better as it dwaan fan spultsjes (al of net op oardelmeter ôfstân fan de oare spilers)!

Yn it nije Bûsboekje stiet ûnder oaren in artikel fan Liuwe Westra oer Frysk Damjen. Dat bestiet al iuwen en wierskynlik langer as it Hollânsk damjen. Der is ynformaasje oer tippen en tipeljen. Wat dat is lêze jim yn it Bûsboekje! Fansels binne der  riedsels opnaam. Foar elk dy’t mei tiid ferlegen is. Alfêst in blomlêzing fan sechjes yn it nije Bûsboekje:

  • gjin spul om in topke hea, dan de geit fuort
  • It is in spultsje fan Pynke en Nynke
  • Untdekst mear oer in persoan yn in oere spul as yn in jier konversaasje (Plato)

Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de utjouwer, no is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.  Fan it Bûsboekje 2020 binne der wer goed 3000 stiks ferkocht.

De ôfrûne dagen is it Bûsboekje 2021 troch us frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. It Bûsboekje is op guon plakken ek bûten Fryslân te keap. Digitaal bestelle kin fansels; dat kin hjir, dan wurde jo trochstjoerd nei de winkel fan friese-producten.nl.  Gruttere ôfnimmers en winkels kinne neibestellings regelje troch in mail te stjoeren nei  redaksje@busboekje.frl.

Foar mear ynformaasje, sykje kontakt mei de Bûsboekjeredaksje:

Klaas Johan Osinga, 0682750083, Piter Andringa, 0582889460, redaksje@busboekje.frl

Folgje us op Twitter: @Frysk_Busboekje

Grutmasterkursus Poëzy “… en altyd dagen en jierren”

Yn it wykein fan 26 en 27 septimber 2020 krijt de alderearste masterclass poëzy yn ’e Fryske taal syn beslach. De doelgroep is de betûfte, effektyf publisearjende Fryske dichter: oan no ta moast dy om syn fakmanskip fierder te ûntjaan nei de rânestêd ta—no kin er nei Tresoar yn Ljouwert. It maksimum meidoggers is seis, sadat elk yndividueel en op maat krityske feedback krije kin. De treners binne twa Fryske topdichters mei gâns ûnderfining yn it lesjaan en it begelieden, Elmar Kuiper en Abe de Vries. De grutmasterkursus hat in ynteraktive workshop-foarm, dêr’t de meidoggers sels bepale wat der op ’e aginda stiet.

Tiid: Wykein fan 26 – 27 septimber 2020, beide dagen 9.00 – 17.00 oere

Plak: Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert, Charterkeamer

Foar: Maksimaal 6 publisearjende dichters

Begelieders: Abe de Vries en Elmar Kuiper

Oanmelding: By Grotesk, ynfo@grotesk.site of 020 – 693 86 31

Kosten: € 80,00 (middeisiten ynbegrepen)

Sjoch foar mear ynformaasje:

http://grotesk.site/grutmasterkursus-poezy-frysk-en-altyd-dagen-en-jierren/

Bûsboekje 2021 komt der oan!

Yn dizze nuvere tiid giet de Bûsboekjeredaksje digitaal: no al in stikmennich kearen wurdt der mei fideoferbining wurke om wer ta in nij Bûsboekje te kommen. Mar dat Bûsboekje 2021 sil sa as foarhinne wer gewoan yn kiosken en boekhannels komme te lizzen. Us plenning is dat it foar 1 augustus wer regele wêze sil.  Ûndertusken hawwe de trije priiswinners fan de puzel yn it Bûsboekje (side 19) 2020 harren pryske tastjoerd krigen.

Wylst wy drok binne mei it nije Bûsboekje, even in rêstich byld fan it timpeltsje fan Ids oan de Waad. De wrâld is oerémis, mar de skiep ha der sa te sjen gjin lest fan.

In Bûsboekje 2020 foar riedsleden yn Fryslân

Hjoed krije de riedsleden yn alle Fryske gemeenten op de fêste wâl in Bûsboekje 2020! Hooplik helpt dat harren om har eigen memmetaal, Frysk of in streektaal yn Fryslân, yn de riedsseal te brûken. Dit is de tekst fan it parseberjocht fan 8 jannewaris 2020.

In grut tal gemeenteriedsleden yn de provinsje Fryslân (utsein de Waadeilannen) krije in Frysk Bûsboekje 2020. Se krije it Bûsboekje om harren oan te moedigjen it Frysk te brûken yn de eigen riedsseal.

Ut in brief fan de Minister fan Ynlânske Saken oan de Twadde Keamer (sjoch de link ûnder) docht bliken, dat it brûken fan it Frysk yn riedsgearkomsten ferskillend is per gemeente. Yn de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en de Fryske Marren wurdt it Frysk in soad brûkt. Yn Harns en de Stellingwerven wurdt nea Frysk praat yn de riedsgearkomsten. Yn de oare gemeenten wurdt gauris Frysk praat. 

De Ried fan de Fryske Beweging fynt dat gemeenteriedsleden in oanmoediging fertsjinje at se har net ferbrekke yn de riedsseal. De Ried skrikt der lykwols fan dat der yn de measte gemeenten inkeld regelmjittich Frysk praat wurdt. De Ried wol dy riedsleden dy’t har blykber yn har funksje ferbrekke moatte yn de eigen taal oanmoedigje om dat net te dwaan.

De Ried wol riedsleden oanmoedigje om Frysk of de eigen streektaal of it Stêdsfrysk te brûken yn de riedsseal en op oare plakken. Dêrom krije se allegearre in Bûsboekje. Dat Bûsboekje is foar it deistich gebrûk. It Bûsboekje falt tige op! It bringt eltsenien yn it sin, dat der mei dat riedslid Frysk praten wurde kin. Yn it Bûsboekje stiet in bulte ynformaasje, alles yn de Fryske taal. Dat hâldt jo by de tiid en jo lêze alle dagen in bytsje Frysk.

It Bûsboekje 2020 is de 45e utjefte fan de Frysktalige aginda. Dit jier is it tema “Tiid”. De Ried fan de Fryske Beweging jout neist it Bûsboekje ek it folslein Frysktalige tiidskrift De Nije ut, dat fjouwer kear yn it jier ferskynt.  Beide utjeften binne te krijen by de measte boekhannels en kiosken yn Fryslân.

Frysk raadsvergaderingen gemeenten gehouden Wet Gebruik Friese taal

Klear foar de winter?

De iisbaan fan Reduzum. Krije wy noch winter? Komme de redens noch ut it fet op natueriis? Mei de opwaarming fan it klimaat wurdt it hieltyd mear in fraach. Yn alle gefallen, hjir yn Reduzum binne hja der klear foar en dat is in goed teken.

Hoe’t it ek komt, de redaksje fan it Bûsboekje winsket eltsenien en fansels yn it bysûnder de brûkers fan it Bûsboekje goeie Krystdagen en alfêst in goed âld-en-nij! 

Bûsboekje poëzykriich wûn troch Johannes Dijkman ut Burgum foar syn gedicht “Longerje”

Oanmoedigingspriis foar Nynke Terpstra ut Burgum foar har gedicht “Wjerljocht”

De poëzykriich fan it Bûsboekje is wûn troch Johannes Dijkman ut Burgum foar syn gedicht “Longerje”. De oanmoedigingspriis gie nei Nynke Terpstra (18), ek ut Burgum, foar har gedicht “Wjerljocht”. De prizen waarden op 3 desimber utrikt troch Kultuerdeputearre fan Fryslân Sietske Poepjes op in gearkomst yn kafee Luwt yn Ljouwert.

De karkommisje, Janneke Spoelstra, Sieta de Vries en Minke Dooper, hie nei de oprop fan de Bûsboekjeredaksje ein augustus sechstjin gedichten krigen dy’t ynstjoerd wiene troch yn totaal tsien dichters. De karkommisje wie wakker optein mei dizze rispinge. De twa priiswinners hiene neffens de karkommisjen moaie gedichten skreaun, mei opbou en ienheid. Dat die bliken doe’t se harren gedicht foardroegen. Gabriëlle Terpstra fan it dichterskollektyf Pauperpoëzij hat op de gearkomst ek noch gedichten foardroegen.

It winnende gedicht fan Dijkman wurdt opnaam yn it Bûsboekje 2021. Terpstra kriget de dichtbondel KAPSTOK fan de Fryske dichter Tsead Bruinja, no de Dichter des Vaderlands. Alle dielnimmende dichters krije in Bûsboekje 2020 en in jierabonnemint op it tydskrift De Nije.

De poëzykriich waard organisearre omdat it nije Fryske Bûsboekje (2020) klear is. De 45e edysje, dat wy fiere in lustrum! Dit jier is it tema: “tiid. Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier grif trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

foto’s: Minke Dooper lêst it juryrapport, Sietske Poepjes rikt de prizen ut oan Johannes Dijkman en Nynke Terpstra, de dichters (en in gastdichter) litte har wurk hearre.

Bûsboekje “poëzykriich”: gedichten ynstjoere oant 27 oktober 02.00 oere wintertiid!

De loften kundigje de wintertiid al suver oan; dizze foto is ôfrûne wike nommen tusken Dronryp en Deinum. Wa wit bringe de loften jim yn de stimming om noch mei te dwaan oan de poëzykriich fan it Bûsboekje! De karkommisje hat al in tal gedichten krigen. Graach ynstjoere foar 27 oktober, de offisjele eintiid is 03.00 oere simmertiid = 02.00 oere wintertiid op snein 27 oktober 2019. It tema fan it 45e Bûsboekje is nammentlik ’tiid’. Jim hawwe noch even! Sjoch ûnder de foto foar alle ynformaasje.

Bûsboekje “poëzykriich” van start!

It Bûsboekje 2020 is de 45e edysje! It njoggende lustrum wie oanlieding foar in lytse, feestlike presintaasje op 26 augustus.

It tema fan dit Bûsboekje is ’tiid’ en wienen wy te gast by klokmakker Tjitte Talsma, Rhaladyk 17, krekt bûten Aldtsjerk. Hy sit yn 2020 35 jier yn it fak. Sjoch ek www.tjittetalsma.nl.

Yn ferbân mei it lustrum organisearret it Bûsboekje in “poëzykriich”. De redaksje wol hjirmei foaral begjinnende en jonge dichters oanmoedigje om wat te dwaan mei it Frysk of in streektaal yn Fryslân. Doch mei!

De spulregels:

  • it gedicht mei oer alle ûnderwerpen gean
  • it moat lêsber passe op ien side yn it Bûsboekje. Dat wol sizze: maksimaal 30 rigels of 300 wurden
  • It moat yn it Frysk of ien fan ‘e streektalen dy’t yn Fryslân praat wurde
  • yntsjinje foardat wy de klok wer in oere tebek sette en de wintertiid begjint (op 27 oktober 03.00 oere simmertiid of 02.00 oere wintertiid)
  • ynstjoere nei redaksje@busboekje.frl of op papier nei it redaksje-adres Piskhoarnedyk 3, 8912 CE, Ljouwert.

Der sil in jildpriis wêze foar de winner én publikaasje yn it Bûsboekje 2021. Fierders is der in oanmoedigingspriis foar in jonge (35 jier of jonger yn 2019) of begjinnende (mei oare wurden: hat noch nea publisearre) dichter.

Fragen binne wolkom.

In protte sukses tawinske!

Op de foto: Adalgard Willemsma fan de Bûsboekjeredaksje oerlanget it earste Bûsboekje 2020 oan de ‘geastlik heit’ fan it Bûsboekje Durk van der Schaaf fan Bitgummole. 

“At jo in bûsboekje hawwe yn it Frysk, lêze jo alle dagen wat Frysk.”, wie it idee fan Van der Schaaf.

Hjirûnder noch in tal foto’s fan de Bûsboekjepresintaasje op 26 augustus yn Aldtsjerk

It Bûsboekje 2020 leit yn ‘e winkels!

Ik libje wol twa libbens, en kom dus tiid tekoart” (J.D. de Jong, 1977)

45e Fryske Bûsboekje mei poëzy oer “tiid”          

It nije Fryske Bûsboekje (2020) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “tiid. In moai tema foar in boekje dat je it hiele jier troch yn de bûse ha. In feilich plak yn dizze digitale tiden en ynternet dat net mear sa feilich is.

De direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

It tema ‘tiid’ lient him foar poëzy. It nije Bûsboekje befettet dêrom in bydrage fan Janneke Spoelstra. Fierders organisearret de Bûsboekjeredaksje in poëzykriich oer it tema tiid. Dichters (yn spé) wurde utnoege om in gedicht te skriuwen oer ‘tiid’ of in oar tema. Dat mei yn it Frysk of ien fan de oare streektalen dy’t yn Fryslân sprutsen wurde.

It 45e Bûsboekje sil feestlik presintearre wurde op moandei 26 augustus fan 17-19 oere by klokkemakker Tjitte Talsma, Rhaladyk 17, Aldtsjerk (https://www.tjittetalsma.nl). Neiere ynformaasje folget noch.

It Fryske Bûsboekje 2020 is de fiifenfjirtichste utjefte. Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de utjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.

Fan it Bûsboekje 2019 binne der wer 3400 stiks ferkocht. Sûnt de start binne der neffens us berekkeningen sawat 218.000 Bûsboekjes ferkocht. Dêrmei it it Bûsboekje it bêst ferkochte Fryske boek.

De ôfrûne wike is it Bûsboekje 2020 troch us frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. Ek op guon plakken bûten Fryslân is it Bûsboekje te keap en fia it webstek kin ek besteld wurde (sjoch ûnder).

Foar mear ynformaasje, sykje kontakt mei de Bûsboekjeredaksje:

Klaas Johan Osinga, 0682750083,

Piter Andringa, 0582889460, redaksje@busboekje.frl

Sjoch ek: www.bûsboekje.frl  en folgje us op Twitter: @Frysk_Busboekje

Wikseling fan winter nei maityd

Fryske loften. De wikseling fan winter nei maityd is geande. Samar in plaatsjes fan Fryslân makke op 17 maart 2019. Omdat it sa moai is.

Moaie loften yn Fryslân

De ôfrûne dagen ha wy moaie loften yn us Fryslân. Hjirby samar in pear foto’s. Genietsje der fan, wa wit komme wy noch op redens!

De redaksje (dy’t al wer dwaande is mei it Bûsboekje 2020)

21 jannewaris 2019

 

Nijjierswinsken fan de Bûsboekjeredaksje!

It byld fan de slykwurker oan de dyk by Swarte Hoarne / Swarte Haan.

Lykas dizze wrotter sil ek de redaksje fan it Bûsboekje der yn 2019 wer tsjinoanwrotte om in nij Bûsboekje te meitsjen en op ‘e tiid yn ‘e winkels, kiosken, boekhannels en kroaden te krijen.

Wy winskje jimme allegearre folle lok en seine yn 2019!

En ûndertusken sille wy alfêst dwaande mei it Bûsboekje 2020.

Hertlike groetenisse fan de redaksje fan it Bûsboekje

1 jannewaris 2019

“Fan wa bisto der ien?”

44e Fryske Bûsboekje oer famylje

It nije Fryske Bûsboekje (2019) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “famylje. Yn in tiid dat der in soad praat wurdt oer behâld fan identiteit is de fraach: “Fan wa bisto der ien?”, in moai begjin fan in praatsje mei in frjemd. It makket de drompel leech. Dizze tiid freget neffens de redaksje om it ferleegjen fan (kulturele) drompels yn in tiid dat guon skynber wer grinzen lûke wolle.

Op 6 juny 2018 diene rom 600 minsken mei oan it Grut Frysk Diktee by de Aldehou te Ljouwert. De finalisten hawwe ûnderwilens harren fertsjinne Bûsboekje 2019 tastjoerd krigen!

It Fryske Bûsboekje 2019 is de fjouwerfjirtichste utjefte. Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de utjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.

Fan it Bûsboekje 2018 binne der goed 3400 stiks ferkocht. Sûnt de start binne der neffens us berekkeningen sawat 215.000 Bûsboekjes ferkocht. Dêrmei it it Bûsboekje it bêst ferkochte Fryske boek.

De ôfrûne wike is it Bûsboekje 2019 troch us frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. Ek op guon plakken bûten Fryslân is it Bûsboekje te keap en fia it webstek kin ek besteld wurde (sjoch ûnder).

Foar mear ynformaasje, sykje kontakt mei de Bûsboekjeredaksje:

Klaas Johan Osinga, 0682750083,

Piter Andringa, 0582889460, redaksje@frysk-busboekje.nl

Sjoch ek: www.bûsboekje.frl en folgje us op Twitter: @Frysk_Busboekje

Frysk Diktee tige slagge!

Lokwinsken oan Wopkje Bergmans foar it winnen fan it Grut Frysk Diktee! Alle seis finalisten krije ek in Bûsboekje 2019 tastjoerd, sa gau’t it ree is. Dat sil om ein july 2018 wêze.

It waar wie tige by tige foar de 621 dielnimmers. Goeie organisaasje troch Fryske Akademy, Afûk, Omrop Fryslân, Lân fan Taal, CEDIN en Provinsje Fryslân!

Foar elk dy’t it Frysk skriuwen stypje wol en syn ôfspraken en kontakten op eigen wize fêstlizze wol is der aansens wer in nij Bûsboekje!

 

Lân fan Taal is iepene!

Moai om de drokte yn de Taletun te sjen, no’t it lang om let iepene is. It wie it wachtsjen grif wurdich. Lokwinsken oan de organisaasje fan Lân fan Taal!

Yn it each springe njonken Taalpaviljoen “Obe” by de Oldehove, fansels MeM mei de twa hollen (taal is froulik; de twa hollen wize op twataligens) en de Ark, dêr’t de utstalling ‘Liwwadders’ te sjen is, en men de 220 skriuwwizen (!) fan Ljouwert lêze kin.

Alderaardichste e-post ut Kanada

De Bûsboekjeredaksje krige okkerdeis in e-mail ut Kanada. Dy wolle graach mei jim diele, om sjen te litten dat it Bûsboekje oeral yn ‘e wrâld wurdearre wurdt. En sels rôverguod! Nammen binne weilitten, fierder ha wy yn de tekst neat oan stavering dien, omdat it sa sprekkend is.

Beste Minsken, 

It spyt my dot ik de Fryske taal net good under de knibbels haw , mar ik woe jim wot fertelle oangeande it bus boekje. It is n.l sa ik bin sa n 66 jier ferlien nei Canada ferhuze,  en fan al dy jieren hat in omke sizzer fan my foar 40 jier my in busboekje ta stjoerd. Jim hawwe faaks wol es heard fan dy omke sizzer want it is …. de Fryske sjonger en de ald maat fan …… Dit Jier wie der in probleem  want in post diif hie it B B ut it pakje stellen.  Mar us …., doe hja dot hearde  stapte wer nei de winkel foar it 40 ste  bus boekje foar  har dankbare omke.  Ik tocht  de mjoute wurdich om jim witte te litten hoe  it busboekje wardeare wurd. Folle goeds                                                                                                    

……  (91 ), Winnipeg MB    Canada

Iepening Taalpoadium “Obe” by de Aldehou

Op 2-3-4 febrewaris 2018 is it taalpoadium fan “Lân fan Taal” iepene. De frijsteat foar elkenien en alle talen. De loop sit der aardich yn en de tribune lient him ek om te genietsjen fan it sintsje!

Sjoch ek op: https://lanfantaal.frl/project/besikerssintrum-lan-fan-taal/

 

Fiif priiswinners fan de rebus!

De rebus yn it Bûsboekje 2018 hat in bulte minsken prakkesaasjes jûn. Fan de 30 reaksjes wiene der fiif mei it goede antwurd. Sy krije allegear in priis.

It lêste stikje wie it dreechste: ‘dêr’t de dyk it lân omklammet’. Dat wie eins allinne op te lossen as je bekend binne mei de bundel ‘Fryslân sjongt’: dy begjint mei dat liet.

Guon makken der fan: Fryslân (5), by guon stie der neat (7) en gauris waard de hiele tekst oernommen (6). Ek liezen wy faak: ‘as se memmetaal heart fielt se langstme nei it heitelân’ (6), en dat wie krekt net hielendal wat frege waard.

Der wie sels in oplossing ut de Kanaryske Eilannen wei. In tal ynstjoerders fertelden hoe lang se al wille fan it Bûsboekje hiene. Moai om te hearren.

De priiswinners krije fan ’t simmer it Bûsboekje 2019 tastjoerd.

Yn aksje foar it Bûsboekje!

‘Lân fan taal/LF2018′ hat mei in facebookaksje… it Bûsboekje 2018 yn it ljocht set. Der wie in tal Bûsboekjes beskikber foar de minsken dy ’t der op reagearren. De winners hawwe it al tastjoerd krigen.  https://www.facebook.com/lanfantaal2018

Ek de Ried fan de Fryske Beweging hat in aksje opset. Alle minsken dy ’t yn desimber stiper wurde krije in Bûsboekje 2018 der op ta! https://www.fryskebeweging.frl/it-busboekje-as-kadootsje/

Opmerksum!

In opmerksume lêzer hat us wiisd op in flater yn de opmaak fan it Bûsboekje 2018. Op in tal siden is it âlde jiertal (2017) stean bleaun. Dat is spitich. It nuvere is dat de redaksje der alhiel oerhinne lêzen hat. Yn jannewaris giet is al daliks mis (wike 1); en dernei noch in tal kearen yn febrewaris, maaie en novimber. Ien treast: al dy wiken stiet it goed op de side der tsjinoer. (sjoch hjir BB2018_wike 1 foar it byld)

Bûsboekje 2018: Fryslân, lân fan taal!

It nije Bûsboekje leit wer oeral yn ‘e provinsje te keap. De redaksje hat dit jier keazen foar it tema taal. Wy skowe dêrmei oan by ‘Lân fan taal’, ien fan de projekten wêrmei‘t LF2018 kleur kriget. Yn it Bûsboekje steane in grut tal LF2018 aktiviteiten oankundige.

Fryslân is ornaris it lân fan de taal of noch better fan de talen, want eins eltsenien is twa- of meartalich. Taal sit yn alle minsken. Allegear fiele wy leafde foar taal. Wy ha besocht dat yn bylden te fangen: mei ‘wurdwolken‘ fan âlde en nije wurden, mei bydragen oer hoe‘t taal jo libben bepale kin en hoe‘t it is om mei taal te wurkjen. In fêst plak hawwe de sizwizen, diskear ek yn Fryske streektalen (sels ien yn it Grinzers!)In spesjaal plak romje wy yn foar de taal fan minsken dy‘t it gehoar misse. Dy ge­beartetaal kinne jo op alle siden weromfine. Ek 2018 hat 365 dagen om jo gedachten, jo ôfspraken of bysûndere mominten op te skriuwen yn de taal dy‘t it tichtst by jo leit.

It Fryske Bûsboekje 2018 is de 43e utjefte. Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de utjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.

Fan it Bûsboekje 2017 binne der 3515 stiks ferkocht. Sûnt de start binne der neffens us berekkeningen sawat 210.000 Bûsboekjes ferkocht. Dêrmei it it Bûsboekje it bêst ferkochte Fryske boek.

De ôfrûne wike is it Bûsboekje 2018 troch us frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. Ek op guon plakken bûten Fryslân is it Bûsboekje te keap, en fia it webstek kin ek besteld wurde. Oer in presentaasjemomint yn septimber tinke wy noch nei.

  Foar grutter byld, klik hjir: flyer BBs 2018•!